nl
Libros
Anne Wadman

De frou yn 'e flesse

Yn De frou yn 'e flesse, Wadman syn fyftjinde
roman, foarmet foar it earst in middelskoalle de eftergrûn fan it ferhaal. Sintraal steane Janneke
Brouwer, in learares fan fiifentritich jier, in oankommend Frysk skriuwster, en Joop alias Jip Koster, in eineksamenkandidaat fan njoggentjin.
Jip hat oare takomstplannen as wat syn heit, in ferneamd musikus, mei him foar hat.
Janneke en Jip skriuwe om en om in haadstik,
Janneke yn it Frysk yn har oantekenboek, Jip yn it
Nederlânsk yn brieven oan syn mem yn it bûtelân.
Op 'e eftergrûn spylje behalve de heit ek oaren
in rol, bygelyks Jip syn mem en Janneke har freondinne,
de lesbiennne Justine. Allegear krije se yn
it jier dat de roman beslacht in krisis yn har
bestean te ferwurkjen. Ek it lot fan de Fryske taal
komt yn dizze roman op it aljemint. Wat de literêre
foarm oangiet, siket de skriuwer yn dizze
roman nei nije wegen. Dizze twadde printing is in
werútjefte fan de earste út 1988.

Wa't der gjin parody yn sjen kin, of wol, op it modieuze
sjenre fan de `skoalleroman' ('t Hart, Siebelink, Abma) kin it boek ek lêze as it boeiende ferslach fan in frou op in kearpunt yn har libben: yn de flesse sitten bliuwe of derút.
Tsjerk Veenstra yn Frysk en Frij

Yn de roman lit Wadman wer ris sjen dat er in fakman is.
Rients de Boer yn it Friesch Dagblad
218 páginas impresas
Publicación original
2012
Año de publicación
2012
¿Ya lo leíste? ¿Qué te pareció?
👍👎
fb2epub
Arrastra y suelta tus archivos (no más de 5 por vez)